Bûtenom

Bûtenom is een band fan Friezen om útens. De muzyk fan Bûtenom jout it twaslachtige gefoel fan dit soart Friezen goed wer. It is in idealisearring fan wat net mear is - de bernejierren en it besjongen fan it Fryske lânskip. It is ek langstme nei in ûnwisse takomst. En it is laitsjen om dysels. Ûndertusken komt Bûtenom dit sykjen nei de oarsprong yn de muzyk oeral tsjin. Yn de Fado fan Portugal, mar ek by Johny Cash, en by Kylie Minogue fansels. De wille krijt syn plak yn eigene fariaasjes fan muzyk fan bygelyks Prins, Schubert en de Eagles.

De band bestiet út ien sjonger en trije instrumentalisten. No ja, einliks binne sy alle fjouwer betoefte sjongers. En dat is wol nedich. Chris leit nochal wat emoasje yn syn sjongen en dan komt it wolris foar dat hy healwei út de liken is. De oaren kinne dan moai meidwaan. Evert is de grutte ynspirator fan de band, fynt Dolly Parton en Dave Rawlings moai, sjongt yn in shantykoar en hat de beskikking oer in hiele bult muzykynstruminten, fan de fioele oer de mandoline oant de saz. Michiel is wol in heale Fries mar kin gjin Fries. Hy wit perfoarst alles, spilet hielwat instrumenten soks as de mandoline en is in fan fan death metal (dea izer). Joram sjongt de hiele dei en spilet sûnt er yn Bûtenom sit net allinnich bygelyks ukelele mar ek mandoline.

Bûtenom is in akoestyske band. Dit betsjut dat der gjin fersterking oanwêzich is. Dit hat as grutte foardiel dat mei in grut ferskaat oan ynstruminten makkelik op eltse lokaasje muzyk wurde makke kin. Alle plakken? Nee, in lytse lokaasje is it beste. Tink hjirby oan in kafee, tsjerkje of bygelyks in húskeamer.

Speellijst
2 april, Tsjoch festival te Beetsterzwaag
17 april Kerkje van Lekkum in dubbelconcert met Hansln
29 april Theresiakapel te Hoogkerk met Miss Chief en Full House
20 mei Café Marktzicht te Drachten met Donkey Tamdem
25 juni Haren (besloten)